Talintedei fan SC Hearrenfean falt yn it wetter

© Anne Waterlander
De talintedei fan SC Hearrenfean freed, giet foar in part net troch. Dit om't der de ôfrûne dagen in soad reinwetter fallen is, kin der net spile wurde op de fjilden fan sportpark Skoatterwâld. Allinnich it keunstgersfjild is beskikber. De talintedei foar de jongste bern, de F-pupillen, wurdt skrast en ferpleatst nei in oare datum. De wedstriden fan de E-fuotballerkes wurde freedtemiddei wol spile, foar in part wol wat letter.