Miljoenen ekstra foar ambachtsûnderwiis

Ekstra jild fan it ryk moat de âlde ambachtlike beroppen rêde. Minister Bussemaker fan Underwiis lûkt 75 miljoen euro út foar dizze MBO-opliedings. En benammen de lytsere opliedings lykas woarstemakker, hoefsmid en skuonmakker moatte dêrfan profiteare, sa fynt de minister. Sa wol se besykje foar te kommen dat dit soart beroppen ferdwine. Fryslân hat op it stuit noch ferskate bedriuwen dy't echt op ambachtlike wize dwaande binne. Mar nij personiel of in opfolger fine is dreech.