Finaledei fan leukste winkelstrjitte: wint Ljouwert wer?

27 feb 2015 - 06:18

Freedtemoarn om tsien oere wurdt bekend of de Lytse Tsjerkstrjitte yn Ljouwert foar de tredde kear de leukste winkelstrjitte fan Nederlân is. Yn 2010 en 2012 helle Ljouwert de titel ek binnen. De ôfrûne wiken binne der folop aksjes holden om stimmen te winnen. Benammen op de sosjale media is in soad aksje fierd.

De striid giet dit jier tusken de Lytse Tsjerkstrjitte en de Folkingestrjitte yn Grins. De Lytse Houtstrjite yn Haarlem stiet op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)