Steatssekretaris: "Gjin jild foar boeren mei mûzeskea"

Steatssekretaris Sharon Dijksma komt foarearst net mei jild om boeren te helpen dy't troch de mûzeskea yn de problemen komme. Sy ferwiist nei de banken en de lienings dy't de provinsje Fryslân oanbiede wol. Dat skriuwt sy in brief oan de Keamer.
Dijksma skriuwt dêr ek yn dat sy noch gjin sinjalen krigen hat dat der boeren mei akute jildpine by de bank west ha. Sy giet der ek net fan út dat banken de ûndernimmers falle litte. Foar boeren dy't al tusken wâl en skip telâne komme, ûndersiket sy de komst fan in garânsjeregeling.
By de Europeeske Kommisje is no frege om boeren rommer de tiid te jaan om it lân op 'e nij yn te siedzjen by grutte mûzeskea. Ek soe der tydlik mear romte komme moatte om mais te ferbouwen.
Foar de takomst wurdt sjoen nei in soarte fan fersekering. Dijksma fertrout derop dat der gjin sûne boerebedriuwen oer de kop gean, mar hâldt dat wol yn 'e gaten. Deputearre Johannes Kramer hie dizze reaksje wol ferwachte.