Emmanuelle Deli wol dream wiermeitsje yn Amearika

Se hat ien grutte dream: aktrise wurde yn Amearika. De 19-jierrige Emmanuelle Deli fan Nijskoat set yn july de earste stap. Dan docht se mei oan in wichtige teaterwedstriid yn Hollywood, dêr't 52 lannen oan meidogge.
Emmanuelle is ien fan de fiif Nederlanners dy't derhinne mei. Se folget op dit stuit de artyste-oplieding oan it Friesland College yn Ljouwert. Doe't se fiif jier wie, sei se thús al dat se letter yn Amearika wenje woe. As se by de bêsten einiget, wurdt har dream werklikheid.