Briedseizoen greidefûgels yn gefaar troch mûzepleach

It op 'e nij skuorren en ynsiedzjen fan greiden mei in soad mûzeskea moat ferbean wurde yn it briedseizoen om sa de greidefûgels te beskermjen. Dat freget Fûgelbeskerming Nederlân yn in brief oan de provinsjebestjoeren.
Sy binne benaud dat de ljip, de skries en de tsjirk te lijen ha fan it wurk. Sy warskôgje der ek foar dat greiden mei in soad krûden ferlern gean kinne, trochdat der by it opnij ynsiedzjen keazen wurdt foar Ingelsk raaigers. De provinsje soe boeren jild jaan moatte om gerssied mei krûden te brûken.
As de provinsje it herstel fan greiden yn de briedperioade net tastiet, bliuwt der net in soad tiid oer foar boeren om wat oan harren lân te dwaan. Yn ferbân mei de taksaasje fan de skea is frege om dat wurk út te stellen.