Besmetlike hazzepest ek yn Fryslân fêststeld

26 feb 2015 - 20:45

Fryslân is de fyfde provinsje yn Nederlân dêr't de hazzepest fêststeld is. Dat seit de Nederlânske Organisaasje foar Jacht- en Grondbeheer. Sa binne der yn Akkrum en Terherne sûnt woansdei al tweintich deade hazzen fûn. De bisten binne opstjoerd nei in laboratoarium dat de hazzen ûndersiket.

De hazzepest, ek wol bekend as Tularemie, kin troch hazzen ek oerbrocht wurde op oare bisten en minsken. It wurdt oanret om de hazzen net oan te reitsjen, te slachtsjen of op te iten. Fierder wurdt oanret op te letten as de hûn útlitten wurdt.

Oan deade hazzen mei de sykte is oan de bûtenkant neat te sjen. Noch libjende hazzen mei de sykte rinne raar op de poaten en reagearje sleau.

De hazzepest komt benammen yn Skandinavië en East-Europa foar. Yn 2013 en 2014 is de sykte lykwols ek by hazzen yn Nederlân oantroffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)