Grutte ôffaldump yn natoergebiet it Ketliker Skar

26 feb 2015 - 19:52

In grut part fan de ynventaris fan in wente is tongersdeitemiddei dumpt op in parkearplak oan de Súdkant fan it Ketliker Skar fan it Fryske Gea. Neffens distriktshaad Ane Zijlstra fan it Fryske Gea giet it om in flinke oanhingwein fol.

Der sitte ûnder oare kasten, banken, stuollen, kapotsleine tripleks platen en in pear stelten by. De plysje is ynformearre en sil sjen oft sy der achter komme kinne wa't ferantwurdlik is foar de ôffaldump.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)