Mearderheid Twadde Keamer stipet oanskaf fan acht JSF's

26 feb 2015 - 19:34

In grutte mearderheid yn de Twadde Keamer stipet it oanskaffen fan de earste acht Joint Strike Fighters. Dat die tongersdei bliken yn in debat oer de opfolger fan de F-16. De fleanbasis yn Ljouwert sil yn de takomst ek mei dizze tastellen fleane.

Troch de ûnrêst yn Oekraïne en it Midden-Easten fynt minister Hennis-Plasschaert fan Definsje it belangryk dat de loftmacht gau dúdlikheid krijt oer de oanskaf fan de gefjochtstastellen. De acht JSF's moatte yn 2019 fleane. Yn totaal sil Nederlân 37 JSF's oanskaffe foar 4,5 miljard euro.

Der is oer de opfolger fan de F-16 al sûnt de jierren njoggentich diskusearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)