Fyfde fertochte oanholden foar wenningynbraken Frjentsjer

26 feb 2015 - 18:30

De plysje hat in fyfde fertochte oanholden foar de wenningynbraken yn Frjentsjer. It giet om in 25-jierrige ynwenner fan Frjentsjer. Earder waarden al fjouwer oare jongeren fan 14, 15, 16 en 18 jier oanholden.

Se wurde fertocht fan tolve ynbraken en ferskate fernielings oan bushokjes en auto's. De ynbraken waarden de ôfrûne moannen pleegd yn huzen en sportkompleksen yn ûnder oaren Frjentsjer, Hitsum en Berltsum. De earste fjouwer fertochten waarden betrape doe't se besochten stellen guod te ferkeapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)