Manifest foar erkenning fan muzyk- en kultuerfestivals

It wurdt tiid dat muzyk- en kultuerfestivals erkenning krije op basis fan har ynnovative krêft. Dat is it boadskip fan in manifest dat tongersdei oanbean is oan minister Jet Bussemaker fan Kultuer, de Ried foar Kultuer en it Fûns Poadiumkeunsten.
In grut tal festivals, lykas Into The Great Wide Open, pleitet foar better belied yn it kultuerplan fan 2017-2020. Nederlân is in festivallân wurden, mar dêr is neat fan werom te finen yn dat beleid. Ferry Rooseboom fan Into The Great Wide Open hopet dat de minister wat docht mei it manifest.