Twa minsken nei sikehûs troch wenningbrân yn Drachten

Plysje en ambulânse by de wenning oan de Hooglandswyk yn Drachten © Sicco Riedstra
Twa minsken út Drachten binne tongersdei nei it sikehûs brocht foar kontrôle nei't se by in wenningbrân reek ynazeme hienen. In bewenster fan in wenning oan de Hooglandswyk yn Drachten hie in panne op it fjoer stean, dy't se fergetten wie. Dêrtroch ûntstie der in soad reek yn de wenning. De brânmelder gong ôf, wêrnei't de frou de brânwacht belle. Ek in omstanner azeme reek yn en moast foar kontrôle nei it sikehûs. De brânwacht hat de wenning fentilearre.