Mear oerlêst troch jongeren yn Súdwest-Fryslân

Jongeren yn Súdwest-Fryslân soargje foar hieltyd mear oerlêst. Dat blykt út de feiligenssifers fan de plysje. Yn 2014 wiene der mar leafst 625 ynsidinten. In jier earder wiene dat der 463. Dat is in taname fan goed 30 prosint. By in grut part fan dy ynsidinten wie der ek sprake fan drugsoerlêst. Ek de oerlêst fan de hoareka is bot tanaam.
Benammen út de doarpen kamen der folle mear meldings as oare jierren. Ek gong it tal meldings fan diskriminaasje bot omheech. Wiene dat der yn 2012 noch mar trije, ferline jier groeide it tal oant 17.