Achtkarspelen pakt ferljochting sportfjilden oan

26 feb 2015 - 14:59
  • Ljochtmêst

It kolleezje yn Achtkarspelen freget de gemeenteried om 55.000 euro foar efterstallich ûnderhâld oan sportfjilden. It giet dêrby ûnder oare om de ferbettering fan de ljochtmêsten en it hekwurk. By in kontrôle fan de 125 ljochtmêsten waarden der 55 net goedkard. Op kosten fan de gemeente sil dizze ferljochting oanpakt wurde.

Ofrûne simmer waarden alle boarterstastellen en dug-outs kontrolearre. Twa boarterstastellen waarden fuorthelle om't se te gefaarlik wienen. De ferienings binne sels ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan al dizze saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)