Soad Fryske putsjes op frijwilligersdei NLdoet

26 feb 2015 - 14:03

Yn it ramt fan de frijwilligersaksje NLdoet fan it Oranjefûns op 20 en 21 maart, binne yn Fryslân goed 475 putsjes te dwaan. Yn hiel Nederlân giet it om goed 7300 putsjes. Hjirfoar binne noch in soad frijwilligers nedich.

Wetterscouting Harns siket bygelyks minsken om de fytsestalling om te bouwen ta kanostalling. Fierder moat boarterstún de Greiden op It Hearrenfean opknapt wurde en is it izeren stek by it tsjerkhôf fan de Nikolaestsjerke yn Swichum oan ûnderhâld ta.

Op de webside fan NLdoet binne alle putsjes te finen en kinne minsken har ek oanmelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)