Ynternasjonale bands op metalfestival Dokk'em Open Air

26 feb 2015 - 13:48

It metalfestival Dokk'em Open Air hat trije ynternasjonale bands kontraktearre. It giet om de Sweedske blackmetalband Shining, de Dútske powermetalband Masterplan en de Israelyske band Melechesh. Earder waarden al sa'n 15 oare bands fêstlein, wêrûnder Threshold en Powerwolf.

De tsiende edysje fan Dokk'em Open Air wurdt op 19 en 20 juny holden. De kaartferkeap is al begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)