Bussemaker bringt besite oan it Woudagemaal

26 feb 2015 - 12:52
  • Minister Jet Bussemaker en direkteur Hilda Boesjes fan it Woudagemaal
  • Minister Bussemaker op besite by it Woudegemaal op De Lemmer

Minister Bussemaker fan ûnderwiis en kultuer hat tongersdeitemoarn in besite brocht oan it Woudagemaal op De Lemmer. Se wie op De Lemmer om ris mei eigen eagen te sjen hoe't it der om en ta giet by dit wrâlderfgoed. De minister krige in rûnlieding fan direkteur Hilda Boesjes en wetterskipsbestjoerder Roel de Jong.

It is dizze wike drok by it Woudagemaal om't it gemaal op stoom brocht is. Dat lûkt alle dagen tûzenen ekstra besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)