Fryske wurkleazens nimt op 'e nij ta

26 feb 2015 - 11:26

De wurkleazens yn Fryslân is yn jannewaris op 'e nij fierder tanommen. Yn fergeliking mei desimber gong it tal wurkleazen mei 7 prosint omheech. Lanlik leit dat persintaazje in stik leger. De stiging fan no hat benammen te krijen mei seizoenswurk yn de lânbou en de bou.

It UWV sjocht ek in grutte stiging yn de soarchsektor. It giet dan net allinnich om leger en middelber oplaat personiel. Ek minsken mei in HBO of wittenskiplike oplieding dogge faker in berop op in útkearing. Goed 21.500 minsken krije no in ww-útkearing.

It tal minsken mei in útkearing is al leger as ferline jier. Sa giet it bygelyks yn de bousektor wer wat better.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)