Kraanfûgelaksje Alfa College: 298.000 fûgels binne teard

25 feb 2015 - 22:01

De kraanfûgelaksje fan it Alfa College yn Grins, dêr't Friezinne Hieke Raap wurke, is helle, meldt RTV Noord. Raap wie ien fan de slachtoffers fan de MH17 ramp. De skoalle woe foar alle slachtoffers fan de ramp tûzen kraanfûgels teare. Yn totaal dus 298.000 kraanfûgels. Dy binne der no en wurde troch keunstner Stef Kreymborg yn in keunstwurk ferwurke.

Inisjatyfnimster Tjitske Dijkstra hie net ferwachte it oantal sa fluch te heljen. De skoalle hat ûnder oare help krigen fan in frou út Nijmegen. Dy hie yn totaal 220.000 kraanfûgels teard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)