Fjirtjinde edysje fan de Jonge Undernimmerspriis

© Jonge Undernimmerspriis fan it Noarden
Jonge ûndernimmers út Fryslân, Grinslân en Drinte kinne harren oan 22 maart oanmelde foar de Jonge Undernimmerspriis fan 2015. De priis, in inisjatyf fan VNO-NCW en MBK Noard, wurdt dit jier foar de 14e kear útrikt. De winner wurdt op 10 juny bekend makke.
Tema fan dit jier is 'Futureproof' ûndernimme. De sjuery sjocht benammen nei de takomstfisy fan de dielnimmers. Alle ûndernimmers dy't jonger as 40 jier binne en tusken 2010 en 2013 in bedriuw begûn binne, kinne meidwaan.