Grinzer relskoppers nei fjochterij wer frijlitten

De fjouwer manlju dy't ôfrûne snein oppakt binne foar de rellen yn it sintrum fan It Hearrenfean, binne wer frij. Sy bliuwe wol fertochte. It giet om twa ynwenners fan Grins fan 25 en 30 jier, in 30-jierrige man út Hoogezand en in man fan 41 út Delfzijl.
Nei ôfrin fan de wedstriid SC Hearrenfean - FC Grins wienen der gefjochten útbrutsen. De mannen wurde fertocht fan poging ta deaslach, geweldpleging en swiere mishanneling. It ûndersyk nei de rellen, wêrby't trije minsken ferwûne rekken, giet troch. De plysje slút mear arrestaasjes net út.