Minder belangstelling foar antyk

De belangstelling foar antyk is de lêste tiid bot ôfnaam. Gefolch is dat meubels of bygelyks de Fryske sturtstikklok noch mar tsien persint opbringe fan wat der earder foar betelle waard. Dêrtroch is de hannel ynstoart. It tal antyksaken is yn tsien jier tiid mei de helte werom rûn.
In soad minsken keapje hjoed-de-dei leaver by Ikea. By it 45 jier âlde famyljebedriuw Sytsma antyk yn Snits fernimme se ek dat de fraach nei antyk guod bot ôfnaam is. Se ferkeapje dêrom no ek nij guod.