Reade Tried: In oar lûd op de radio, dêr wiene wy wol oan ta

Reade tried
As jo geregeld nei Omrop Fryslân radio harkje, dan is it jo grif net ûntgien: fan moandei feroaret der it ien en oar oan de radioprogrammearing fan Omrop Fryslân. De titel Omrop Fryslân Aktueel ferdwynt. It moarnsprogramma bygelyks hjit tenei Fryslân fan 'e moarn. Dêryn bliuwt romte foar nijs, sport, waar en muzyk, mar der wurde ek nije eleminten taheakke. Der binne fiif kollumnisten en der is alle dagen in nijskwis. Middeis tusken ien en fjouwer oere makket Geert fan Tunen in programma en yn stee fan Omrop Fryslân Aktueel kinne je middeis tusken fjouwer en seis oere hearre nei Harm Weistra yn Weistra op wei. Ek dêryn is plak foar nijs, mar ek foar muzyk en ferdivedaasje.
Net in folsleine revolúsje miskien, mar dochs in oar lûd, dat (hoopje wy) better ôfstimd is op dy/jo, op it ritme fan de dei.
In oar lûd op de Fryske radio, dêr wiene wy wol oan ta
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.