Henk de Jong giet mooglik nei wedstryd fan Feanster froulju

Henk de Jong © Omrop Fryslân
Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur oerwaget oft er nei de wedstryd fan de froulju fan SC Hearrenfean op 20 maart sil. De froulju hiene him yn in iepen brief útnoege nei syn opmerking oer "rokjesfuotbal".
Henk de Jong hat syn ekskús oanbean foar dy opmerking en fynt dat it dêrmei klear is. Neffens him hat er gjin persoanlike útnoeging hân.