Jonges en famkes toane har keunsten op fuotbaltalintedei

25 feb 2015 - 14:28
  • Fuotbaltalintedei, Marije Muizer is rjochts yn it blau

Op de fuotbaltalintedei yn Meppel dogge tsientallen jonges en famkes woansdei har bêst om op te fallen by de fiif scouts fan SC Hearrenfean. De scouts sjogge nei taktyk, technyk en hoe rap oft de bern binne. Ien fan de dielnimmers is de 11-jierrige Marije Muizer fan Ljouwert. Sy stiet bekend as in grut talint en har grutte dream is om by Real Madrid of Barcelona te fuotbaljen.

Oan de dei dogge 250 bern ûnder de 13 jier mei út de noardlike provinsjes. Dêr sitte ek tal fan Fryske klups lykas Heerenveense Boys en Snits Wyt-Swart by.

Ek wurdt de 'mem fan de dei' huldige. De organisatoaren sjogge de hiele dei om it fjild hoe't de memmen har gedrage. Boppedat is it in manier om de memmen yn it sintsje te setten dy't der faak foar soargje dat de fuotbalklean wer wosken wurde.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)