It Fryske Gea fangt Skotske heechlanners

It Fryske Gea is dizze wiken drok dwaande mei it fangen de Skotske heechlanners dy't rûnom yn de provinsje yn de natuer omrinne. Der moat bloed fan de grutte hierrige kij ôfnommen wurde om te sjen hoe't se de winter trochkaam binne.
De kuddes wurde mei hea nei kralen lokt, dêr't it bloed ôfnommen wurdt. Net elke heechlanner lit him maklik fange, sadat it wurk soms fertraging oprint. De bisten rinne ûnder oare op de heide by Alderberkeap.