Fytser ferwûne yn Ljouwert nei botsing mei bestelbus

Yn Ljouwert is woansdeitemoarn in 72-jierrige frou út Ljouwert op de fyts swier ferwûne rekke by in oanriding troch in bestelbus. De bestjoerder dêrfan is in 41-jierrige man fan It Hearrenfean. It ûngelok barde op de Oostergoweg by it oerstekplak fan de Huzumerleane.
Nei alle gedachten is ien fan de ferkearsdielnimmers troch it reade ferkearsljocht riden. De fytser kaam fia de motorkap op de dyk telâne. It slachtoffer is oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert. De krusing hat ôfset west om de tadracht fan it ûngelok ûndersykje te kinnen.