Friezen moatte fierder reizgje om by biblioteek te kommen

25 feb 2015 - 10:36

Minsken yn Ferwerderadiel moatte goed acht kilometer reizigje om by in biblioteek te kommen. Foar ynwenners fan Menameradiel, Dongeradiel en Littenseradiel is de ôfstân nei de byb mear as fjouwer kilometer.

Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Dat buro socht dit út nei't yn de ôfrûne jierren troch besunigingen in soad fêstigingen sluten binne. Benammen yn Fryslân en Seelân binne biblioteken ticht gien. Yn trochsneed wenje minsken trije kilometer fan in biblioteek ôf.

Trefwurden: 
biblioteek CBS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)