Fuotbalfroulju SC Hearrenfean pakke wer ris de winst

Fuotbalfroulju SC Hearrenfean © www.vrouwenscheerenveen.nl
De froulju fan SC Hearrenfean ha der lang op wachtsje moatten, mar tiisdeitejûn koene der wer ris trije punten byskreaun wurde nei de 4-1 winst op PEC Zwolle. Tiny Hoekstra iepene de skoare op sportpark Skoatterwâld, Yvonne Ploeg makke de twadde. It waard wer spannend nei de 2-1, mar Carmen de Mare en Sisca Folkertsma makken foar de Feanster froulju dien wurk. De Feanfroulju bliuwe foarlêste, mar de oansluting mei de ûnderein is der wer.