Frouljusteam SC Hearrenfean noeget Henk de Jong út

24 feb 2015 - 23:03

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat trainer Henk de Jong fan SC Cambuur útnoege foar de wedstryd tsjin PSV op 20 maart. Yn in ludike útnoeging oan De Jong sizze se dat se syn opmerking oer it frouljusfuotbal al wer ferjitten binne. De Jong sei yn it wykein dat syn spilers as froulju spile hiene. Hy hat letter syn ekskús oanbean.

De Jong wurdt net allinnich útnoege foar de fuotbalwedstryd, mar ek foar it Frysk tampioenskip treprinnen dat tagelyk hâlden wurdt. It is in inisjatyf fan it Foppe Fûns, dat sporters mei in beheining stipet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)