Itensiede foar restauraasje fan de tsjerke yn Lippenhuzen

Ynwenners fan Lippenhuzen kinne yn maart byinoar ite om sa jild yn te sammeljen foar de restauraasje fan de tsjerke. Dat hawwe Sonja Zwart en Froukje Sinnema sa regele. De Lippenhústers sille tsjin betelling by mekoar te iten. Hoefolle jild oft se jouwe, meie se sels witte.
De kok betellet de kosten fan it iten. It jild dat de iters betelje, wurdt stutsen yn de restauraasje fan de Pitertsjerke yn it doarp. Dy wurdt de kommende moannen opknapt foar goed 3,5 ton. It idee komt út Zoetermeer, dêr't de aksje in súkses wie.