"Boeren moatte foarried keunstdong yn de gaten hâlde"

Boeren moatte de foarried keunstdong goed yn de gaten hâlde en trochjaan as in fertocht persoan fan harren keapet. Dat freget de Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid. Fan it nitraat yn de keunstdong kinne bommen makke wurde, lykas de Noar Anders Breivik ek die.
Neffens LTO Noard-foarsitter Kooistra binne boeren al oan regels bûn wat keunstdong oanbelanget. Hy leaut net dat dit in ûnderwerp is dêr't LTO Noard hiel bot mei dwaande wêze moat. Ferkeap oan partikulieren troch boeren komt hast net foar, foar safier't er wit.