Fertochten fuotbalrellen sitte noch fêst

24 feb 2015 - 12:10
  • De Nijstrjitte dêr't de fjochterij wie nei de wedstriid Hearrenfean-Grins

De fjouwer fertochten fan de rellen nei ôfrin fan de fuotbalwedstriid SC Hearrefean-FC Grins sitte noch altyd fêst. Sy wurde fertocht fan besykjen ta deaslach, geweld en swiere mishanneling.

De plysje hat al wat bylden en foto's krige fan de fjochterij fan snein yn it Feanster sintrum dêr't trije minsken by ferwûne rekken. Dochs wit de plysje dat der noch mear filmkes binne. Dêrom docht de plysje nochris in oprop om bylden yn te leverjen. Oan de hân dêrfan moat in dúdliker byld ûntstean fan hoe't it gien is en wa't de dieders binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)