Fjouwer jonge ynbrekkers pakt yn Frjentsjer

24 feb 2015 - 12:03
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

Fjouwer jongerein fan 14,15,16 en 18 jier út Frjentsjer binne de ôfrûne dagen oppakt foar tolve ynbraken en ferskate fernielings oan bushokjes en auto's. De ynbraken waarden de ôfrûne moannen dien yn huzen en sportkompleksen yn ûnder oaren Frjentsjer, Hitsum en Berltsum.

De fertochten waarden pakt doe't se besochten stellen guod te ferkeapjen. De keapers fertrouden it net en bellen de plysje. Ut ûndersyk die bliken dat it guod, wêrûnder fjouwer laptops, in tablet en horloazjes, begjin febrewaris stellen wie by in ynbraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)