Kassarôvers yn Kollum komme net fierder as Burgum

24 feb 2015 - 10:24

Twa manlju fan 25 jier binne moandeitemiddei oppakt om't se yn in winkel yn Kollum in greep yn de kassa dien hienen. Mei inkele hûnderten euro's wienen de twa fertochten, út Delfsyl en Burgum, útnaaid.

In tsjûge seach de manlju fuortriden yn in auto en warskôge de plysje. Dy koe de fertochten op de Van Harinxmawei yn Burgum oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)