Noch fiif dagen foar it nije lûd: No yn Fryslân

Tiete Sijens © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Noch fiif dagen en dan begjint de nije radioprogrammearring by Omrop Fryslân. Alle wurkdagen om 12 oere middeis is dan tenei 'No yn Fryslân' te hearren, mei as fêste presintator Tiete Sijens. Sy betocht de titel sels.
"'No yn Fryslân' drukt foar myn gefoel hiel goed út wat wy yn dit programma hearre litte wolle: alles wat nó, op dit stuit spilet yn Fryslân. Fansels is dat it nijs, de aktuele sport en it waar. Mar wy wolle ek achtergrûnen biede en trochprate oer de Fryske konsekwinsjes fan lanlik of ynternasjonaal nijs."
Mei de komst fan 'No yn Fryslân' nimt de omrop ôfskie fan it fertroude 'Omrop Fryslân Aktueel', sa't it nijsprogramma tweintich jier lang neamd waard op de radio. De nijsprogramma's yn it wykein hjitte tenei ek 'No yn Fryslân'.
In oare wichtige feroaring fan moandei ôf is it momint fan de regionale nijsbulletins: net mear op de hiele oeren nei it NOS-sjoernaal, mar op de heale oeren. "It heart miskien nuver, mar dat sil wol even wenne moatte. De biologyske klok fan de nijslêzers lit hast automatysk in beltsje rinkelje op trije minuten foar de hiele oere. Dat moat er no dwaan op trije minuten foar it healoere!"
No yn Fryslân, moandei oant en mei freed fan 12.00 - 13.00 oere.