'Neushoorn' nije namme fan poppoadium Ljouwert

24 feb 2015 - 08:46

It nije poppoadium yn Ljouwert komt 'Neushoorn’ te hiten. It bestjoer fan it kultureel sintrum woe perfoarst in namme hawwe dy't neat mei de skiednis fan de stêd en de kulturele aktiviteiten te krijen hat. Boppedat past 'Neushoorn' ek om't it gebou, as je dêr fan boppen ôf nei sjogge, de foarm hat fan de kop fan in noashoarn, seit bestjoerslid Foppe van der Veen.

Fierders passe de karaktereigenskippen fan it bist - sterk en eigensinnich - goed by it nije poppoadium fan Ljouwert, fynt Van der Veen. Yn septimber moat it poppoadium klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)