Ljouwerter strjitte yn de race as klimaatfreonlikste

De 4e Saskiadwersstrjitte yn Ljouwert wol de klimaatfreonlikste strjitte fan Nederlân wurde. De strjitte docht mei oan de lanlike wedstriid Hier Klimaatstraatfeest. Doel is om mei safolle mooglik buorlju enerzjy te besparjen. Dêrfoar wurde aksjes hâlden, lykas in gloeilampkontrôle, in nade-en-kiere-speurtocht of in ûnttei-de-friezer-estafette.
De winnende strjitte krijt ûnder oare 10.000 euro. Nei in tal ôffalrondes dogge no noch 150 fan de hast 2300 strjitten mei. De 4e Saskiadwersstrjitte stiet op it tredde plak. De finale is op 18 april.
De bewenners sieten tiisdei byinoar foar in moarnsbrochje. Sawat de hiele strjitte die mei oan dat 'eko-brochje'. Sa besparje se yndividueel stroom en gas foar it setten fan kofje en tee. Boppedat brûkten se biologyske produkten, lykas duorsum produsearre yochert en tsiis, Oare foarbylden fan aksjes foar de klimaatwedstriid binne: keamerferwaarming mei waksinejochtsjes yn twa opinoar skroefde blompotten en in in waarmtekollektor makke fan opinoar lime bierblikjes.