Amerikanen ynvestearje miljoenen yn Feanster bedriuw

Softwarebedriuw AppMachine fan It Hearrenfean hat in Amerikaanske partner fûn dy't miljoenen ynvestearret yn de Feansters. It giet om de Endurance International Group, dat ek noteard stiet op de beurs Nasdaq. Yn totaal betelje de Amerikanen 15,2 miljoen dollar (dat is 13,4 miljoen euro). Dêrmei krije se 40 prosint fan AppMachine yn hannen. Dy ûntwikkelet software dêr't minsken sels apps mei bouwe kinne.
AppMachine bestiet sûnt 2011 en hat yntusken 150.000 gebrûkers. By it Feanster bedriuw wurkje fjirtich minsken.