Gjin sloepehaven yn sintrum De Lemmer

23 feb 2015 - 22:24

Der komt definityf gjin sloepehaven op it plak fan it eardere gemeentehûs op De Lemmer. Undernimmers út it plak hiene dêr in plan foar makke. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fynt lykwols dat in plein mear mooglikheden biedt foar De Lemmer as in haven. De oanlis is ek djoer en dreech om't der sprake is fan in grut hichteferskil. De ûndernimmers woene de haven ek brûke as soarte fan bûtenpoadium foar aktiviteiten. Neffens wethâlder Frans Veltman kin dat ek yn de âlde binnenhaven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)