Boargemaster fan Tytsjerksteradiel leit wurk tydlik del

Gemeente Tytsjerksteradiel
Boargemaster Eric ter Keurs fan Tytsjerksteradiel leit syn wurk tydlik del. Fanwege persoanlike omstannichheden yn syn thússituaasje moat Ter Keurs de kommende tiid al syn oandacht oan syn gesin besteegje. Ter Keurs hat syn beslút besprutsen mei de oare wethâlders, de fraksjefoarsitters en kommissaris fan de Kening John Jorritsma.
Loko-boargemaster Doeke Fokkema sil it wurk fan Ter Keurs oernimme, wylst de oare wethâlders ek taken oernimme sille.