NPO tefreden oer sjochsifers Alvestêdetocht fan 1985

23 feb 2015 - 16:37
  • De Alvetêdetocht fan 1985 by Bartlehiem

Goed in heal miljoen minsken hawwe sneon nei de werhelling fan de Alvestêdetocht fan 1985 sjoen. Dat seit NPO Best, dy't de 13 oeren duorjende tocht eksakt tritich jier nei dato op 'e nij útstjoerde.

Fierwei de measte minsken seagen de tocht op televyzje. Mar leafst 425.000 minsken hienen de televyzje oan, op ynternet seagen 85.000 minsken. Alle grutte kabelbedriuwen stjoerden de tocht fan 1985 út, allinnich KPN net. NPO Best seit hiel bliid te wêzen mei de hege sjochsifers.

Goed fjouwer kear sa folle minsken seagen sneon mei de Alvestêdetocht fan 1985 nei it temakanaal as gewoanwei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)