Swimles foar bern fan lege-ynkommensgroepen yn Dongeradiel

23 feb 2015 - 16:32

Bern fan minsken mei in leech ynkommen yn de gemeente Dongeradiel kinne tenei ek op swimles. De gemeente hat dêr ôfspraken oer makke mei de Stichting Learjild.

Húshâldings mei in netto-ynkommen oant it minimumlean mei bern fan 6 oant 13 jier dy't noch gjin A-diploma hawwe, kinne harren oanmelde by de stichting. Dy sjocht per húshâlding hokfoar fergoeding se krije kinne.

Trefwurden: 
Dongeradiel swimles
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)