40.000 euro foar wetteraksje

21 mrt 2012 - 20:11

Fryske skoalbern hawwe goed 40.000 euro opbrocht mei de aksje 'reedride en swimme foar wetter'. De opbringst is foar Plan Nederland, foar feilich drinkwetter en bettere hygiëne foar bern yn Maly. Yn Fryslân diene 27 skoallen mei. Bern lieten har sponsorje troch freonen en famylje om safolle mooglik jild op te heljen. Op 7 novimber wie de start fan de aksje, yn Thialf op It Hearrenfean, mei reedrydster Anice Das. Lanlik is in heal miljoen euro ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)