40.000 euro bliuwt poater

24 jun 2004 - 09:38

It ûndersyk nei de missende 40.000 euro fan wykferiening Lemmerwei-East yn Snits hat neat opsmiten. De plysje hat gjin skuldige oanwize kind ûnder it âlde bestjoer en de frijwilligers. De gemeente Snits, in enerzjyleveransier, en ferskate winkels ha jild tegoede.

It âlde bestjoer wurdt no earst fallyt ferklearre. Dêrnei besjocht in kurator oft der noch wat te heljen is. As dat achter de rêch is, kin it nije bestjoer ynstallearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)