4000 euro foar it goede doel

16 sep 2003 - 00:00

De fuotbalklub fan Bûtenpost hat goed 4000 euro byinoar spile mei de benefytwedstriid tsjin it Omrop Fryslân Stjerreteam. De sjek waard moandei oerlange oan de meiwurkers fan stichting Sviatoslav, dêr't de opbringst hinne giet.

De fuotbalwedstriid tusken Bûtenpost en it Omrop-team waard sneon 2 augustus hâlden. De opbringst wie folslein foar it goede doel. Stichting Sviatoslav set him yn foar earme weesbern yn Ruslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)