4000 euro boete Harkemase Boys

22 maaie 2003 - 00:00

De KNVB hat Harkemase Boys in boete oplein fan 4000 euro, wêrfan de helte ûnder betingst. It fuotbalbûn fynt dat Harkemase Boys mei skuldich is oan de reboelje dy't sneon 10 maaie ûntstie by de wedstriid tsjin Quick Boys út Katwyk

Sa soe tsjin de ôfspraken yn dochs bier skonken wêze. Fierder wiene der te min feilichheidsminsken. De Boys hawwe advokatekantoar Anker& Anker ynskeakele om juridyske stappen te ûndersykjen. De Boys moatte 3 juny sûnder publyk spylje

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)