400 minsken op iepen dei fan Vitens yn Ljouwert

26 sep 2015 - 16:02

Sawat 400 minsken binne sneon ôfkaam op de iepen dei fan it drinkwetterlaboratoarium yn Ljouwert, yn it ramt fan de Dei fan de Gemy. De belangstellenden koenen dêr sjen hoe't it drinkwetter ûndersocht wurdt op skealike stoffen en baktearjes. It laboratoarium fan Vitens is ien fan de modernste drinkwetterlaboratoaria fan Noardwest Europa.

Alle dagen wurde der mear as 1000 meunsters ferwurke. It wie foar de tredde kear dat Vitens yn Ljouwert meidie oan de Dei fan de Gemy. De foarige kear kamen der ek sa'n 400 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)