400 dielnimmers simmerske nijjiersdûk yn Harns

01 jan 2016 - 15:02
  • En dêr gean se dan...
  • Nijjiersdûk by de Prinsetún yn Ljouwert

Simmerske tafrielen op nijjiersdei op it strân fan Harns. Witte dielnimmers oan in nijjiersdûk oars net hoe gau oft se nei de dûk de waarme klean wer oandwaan moatte, op it strân fan Harns genieten se hjoed nei de tiid noch even yn bikiny en swimbroek fan it moaie waar.

Oan de dûk yn Harns dienen fjouwerhûndert minsken mei. De opbringst giet nei de KNRM yn de stêd. Op ferskate oare plakken yn Fryslân waarden ek nijjiersdûken hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)