40 ûntslaggen Friese Land

09 okt 2008 - 19:54

By thússoarchorganisaasje Het Friese Land hawwe fjirtich meiwurkers dien krige. Troch de reorganisaasje by de ynstelling binne de wurknimmers neffens Het Friese Land oerstallich. It giet benammen om kantoarpersoniel.

Het Friese Land seit dat de minsken dy´t thússoach krije, neat fan de ûntslaggen fernimme sille. Der komt in sosjaal plan foar de ûntsleine meiwurkers om oar wurk foar se te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)